Sigaretten stellen by supermerk op De Gordyk

27 jul 2015 - 11:13

By in ynbraak yn in supermerk oan it Hoflân op De Gordyk binne yn de nacht fan snein op moandei in soad sigaretten stellen. De plysje hat mei help fan in waarmtebyldkamera en in plysjehûn nei de ynbrekkers socht, mar dat smiet neat op. In tsjûge hie de plysje warskôge nei't hy midden yn de nacht in man yn de winkel rinnen seach. Doe't de plysje kaam, wiene de ynbrekkers al fuort.

Trefwurden: 
ynbraak De Gordyk sigaretten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)