Partoer Van der Meulen wint generale foar de PC yn Arum

26 jul 2015 - 18:25

De generale fan de PC yn Arum is snein in proai wurden foar it partoer fan Johan van der Meulen, Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra. Yn in lange finale wie it trijetal mei 5-4 en 6-4 te sterk foar Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar. De partij einige mei in butenslach fan Renze Pieter Hiemstra. Hendrik Kootstra waard yn Arum útroppen ta kening.

De lytse preemje wie foar Tjisse Steenstra, Herman Sprik en Marten Feenstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)