Tourwinner docht takom jier mei oan Profronde Surhústerfean

26 jul 2015 - 17:26

De profronde fan Surhústerfean krijt takom jier de winner fan de Tour de France 2016 op besite. De profronde fan Surhústerfean falt tsjintwurdich yn itselde wykein as it kritearium fan Roeselaere yn België en dus kin de winner net oan beide rondes meidwaan.

Chris Froome, sa goed as wis de winner fan de Tour fan dit jier, giet nei Roeselaere. Dêrom is ôfpraat dat de winner fan takom jier nei Surhústerfean komt. Dit jier docht wol winner Peter Sagan fan de griene trui mei yn Surhústerfean. Bauke Mollema en Robert Gesink binne der ek by.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)