Brantsje yn fersoargingshûs Huylckenstein yn Boalsert

26 jul 2015 - 16:25

Yn fersoargingshûs Huylckenstein yn Boalsert hat sneintemiddei koarte tiid brân west. Neffens de earste berjochten wie de brân yn ien fan de keamers. De oproppen brânwacht hie it fjoer gau út. Wol is der in soad reek frijkaam. Op dit stuit wurde de bewenners út it fersoargingshûs helle, sadat der luchte wurde kin. Dêrnei kin elkenien werom.

Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend. In pear bedriuwshelpferlieners hawwe te folle reek ynazeme. Sy binne kontrolearre troch ambulânsepersoniel. De bewenners kamen mei de skrik frij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)