Undersyk nei ferwûne fytser by Murns

26 jul 2015 - 13:29

De plysje docht yn Murns ûndersyk nei in ferwûne fytser. Dy is oan de ein fan de moarn troch noch ûnbekende oarsaak fallen op de Murnzerdyk.

It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs yn Snits brocht. Neffens de plysje wienen der foar safier bekend gjin oaren by de falpartij belutsen.

Trefwurden: 
Murns
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)