Stoarm smyt meldkeamer in soad wurk op

26 jul 2015 - 07:58

Helpferlieners yn it noarden binne sneon sa'n 200 kear útriden fanwege de stoarm. Dat seit in meiwurker fan de meldkeamer Noard-Nederlân. It grutste diel fan de meldings kaam út Fryslân. Rûnom yn de provinsje wiene problemen. Yn in grut diel fan de gefallen gie it om omwaaide beammen of ôfwaaide tûken. Yn guon gefallen rekken dy auto's of sels huzen, of blokkearren se diken.

Op de Waadeilannen krigen benammen minsken yn tinten it swier te ferduorjen. Sa waarden op camping Stortemelk op Flylân tinten fernield troch de stoarm.

Tsientallen kampearders moasten op Flylân de nacht trochbringe yn it rekreaasjegebou op de camping of yn de sporthal op it eilân. Op it wetter hawwe der net in soad problemen west. Dat kaam ek omdat wettersporters yn 't foar warskôge wienen.

Trefwurden: 
meldkeamer stoarm
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)