SC Hearrenfean wint fan Baniyas

25 jul 2015 - 22:34

Sportklup Hearrenfean hat sneontejûn yn Langsweagen de oefenwedstriid tsjin Baniyas FC út de Feriene Arabyske Emiraten mei 2-0 wûn. Yn in wiet en winerich Langsweagen makke Simon Thern op slach fan de rêst de 1-0 mei in moai ôfstânsskot. SC Hearrenfean spile goed yn de earste helte.

Yn de twadde helte wie it allegear wat minder. Luciano Slagveer spile yn de spits foar Henk Veerman. Slagveer makke yn de lêste sekonden fan de wedstriid de 2-0 en dat waard ek de einstân. Lucas Bijker spile wer yn it sintrum fan de ferdigening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)