Van der Bos en Tuinenga winne keatserij yn Seisbierrum

25 jul 2015 - 15:39

Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger hawwe sneon de frije formaasjepartij manljushaadklasse yn Seisbierrum wûn. Yn de finale wiene se te sterk foar it trijetal Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar. It waard 5-1 en 6-6 troch in kwea-útslach fan Renze Hiemstra. Gert-Anne van der Bos waard kening fan de partij.

By de froulju wûnen Ilse Tuinenga, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra yn de finale mei 5-4 en 6-2 fan Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra. Scheepstra waard keninginne.

De tredde priis by de froulju wie foar Elly Hofman, Anke Winkel en Geke de Boer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)