Foar Fryslân jildt no ek koade oranje

25 jul 2015 - 13:35

It KNMI hat de warskôging foar min waar útwreide. Fryslân falt dêr no ek ûnder, mei dêrby de Iselmar en it Waadgebiet. Earder jilde fanwege de oankundige stoarm de koade oranje al foar Utrecht en Noard-Brabân. Foar de provinsjes Seelân, Súd-Hollân en Noard-Hollân is de koade read ôfjûn, wylst yn de eastlike provinsjes de koade giel fan krêft is.

De ferwachting is dat it hichtepunt fan de stoarm yn de rin fan de middei falt, sa om fiif oere hinne.

Op de Iselmar kaam sneontemiddei in kitesurfer yn de problemen. De rêdingboat fan Hylpen hat de persoan yn feilichheid brocht.

Trefwurden: 
stoarm KNMI koade Oranje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)