Amerikaan Duren nije oanwinst fan basketbalklup Aris

25 jul 2015 - 13:02

Basketbalklup Aris fan Ljouwert hat in nije spiler. It giet om de Amerikaan Javier Duren. Hy is de earste bûtenlânske oanwinst, sa meldt de Ljouwerter basketbalklup. Duren hat spile yn it team fan Yale University. Ariscoach Michael Schuurs is tige bliid mei de komst fan Duren. Hy past hiel goed by it spul dat de coach wol.

Yn de seleksje fan Aris sitte no sân spilers: Nigel van Oostrum, Quincy Treffers, Leroy Peterson, Jelmer Visser, Enzo Swart, Tom Aarts, en dus no ek Javier Duren..

Trefwurden: 
Aris basketbal Javier Duren
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)