Ljouwerter fertocht fan brânstichting yn appartemint

25 jul 2015 - 11:24

De plysje fertinkt in 26-jierrige Ljouwerter fan it oanstekken fan de brân, freedtejûn yn in flat oan de Roptastate yn syn wenplak. Dêrby baarnde in appartemint folslein út en moasten de bewenners fan omlizzende apparteminten tydlik harren hûs út. De man waard troch de plysje sjoen by it blussen. Omdat er him fertocht gedroech, waard er oanhâlden en fêstset op it plysjeburo. Hy wurdt sneon heard. Yn de flat sil ek noch ûndersyk dien wurde.

De brânwacht hat sneontemoarn opnij nei it appartemint west, omdat der noch neiblust wurde moast.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)