SKS-skûtsjesilen Starum giet net troch

25 jul 2015 - 08:37

It SKS skûtsjesilen by Starum giet sneon yn ferbân mei de minne waarsferwachting net troch. Dat hat de organisaasje sneontemoarn besletten yn oerlis mei de skûtsjekommisje fan Starum. Ek de mooglikheid om moarns te silen kin net trochgean, omdat de skûtsjes by Starum troch de slûs moatte.

De wedstryd kin dan pas om alve oere begjinne. Se kinne dan mar in oerke sile, want om tolve oere wurdt it minne waar al ferwachte.

De wedstryd fan sneon sil no tiisdei yn Wâldsein holden wurde. Ek moandei is de SKS-float yn Wâldsein.

Trefwurden: 
skûtsjesilen SKS
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)