Motorrider ferstoarn by ûngelok It Heidenskip

24 jul 2015 - 21:17

In 27-jierrige motorrider út Snits is freedtejûn ferstoarn by in iensidich ûngelok op de Heidenskipsterdyk op It Heidenskip. De man is mei syn motor fan de dyk rekke en yn in sleat telâne kaam.

Under oaren in traumahelikopter wie ynsetten foar de helpferliening, mar it slachtoffer is op it plak fan it ûngelok ferstoarn. De dyk is troch it ûngelok ôfsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)