Gjin stewards mear op de slûzen by Starum

24 jul 2015 - 19:55

Nei fjouwer jier hâldt it op foar de slûsstewards fan Starum. Dy stienen dêr de ôfrûne jierren yn it ramt fan it Fryske Marreprojekt. Se begeliede boatsjefarders yn 'e slûs en wize se te plak, sadat de boatsjes rap trochstreame kinne.

Op drokke dagen begeliede se 650 boaten troch de slûs. Mar omdat it projekt no ôfrint, betsjut dat ek de ein foar de stewards. Noch trije wykeinen en dan sit it der op. Dan moatte de boatsjeminsken harren sels rêde yn 'e twa slûzen fan Starum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)