Berntsje (4) te wetter en ferstoarn op De Lemmer

24 jul 2015 - 18:47

It berntsje dat freed yn it wetter rekke wie oan de Brekkenwei op De Lemmer is ferstoarn. It giet om in jonkje fan 4 jier. De plysje krige oan de ein fan de middei in melding dat it berntsje fermist en nei alle gedachten yn it wetter rekke wie. Dêrop is in grutte sykaksje op tou set.

Under oare in plysjehelikopter, boaten, dûkers fan de brânwacht en in traumahelikopter binne ynset. Omstanners sochten ek mei. It jonkje is út it wetter helle, mar de help kaam te let.

De Dútske famylje komt al in oantal jierren op De Lemmer. De gemeente De Fryske Marren besjocht no oft der ferlet is fan in gearkomste dêr't minsken harren ferhaal yn kwyt kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)