Berntsje (4) fermist op De Lemmer

24 jul 2015 - 17:56

Oan de Brekkenwei op De Lemmer is freed oan de ein fan de middei in berntsje (4) te wetter rekke. De helptsjinsten binne manmachtich útrukt. Nei in sykaksje is it berntsje út it wetter helle.

De helpferliening is no drok dwaande. Der is ûnder oaren in traumahelikopter ynset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)