Unike ekskurzjes troch Lauwersmargebiet

24 jul 2015 - 15:55

Yn it Lauwersmargebiet binne der dizze simmer spesjale ekskurzjes op plakken dêr't jo oars net komme kinne. Boskwachters fan Steatsboskbehear jouwe rûnliedings troch it gebiet De Rug yn it Lauwersmargebiet. Dêr binne Poalske hynders, de saneamde Konikhynders te sjen.

It gebiet is oars altyd sluten foar besikers, om't de natoer dan syn gong gean kin. Mei de ekskurzje kinne de besikers ek de hynders ris fan tichtby besjen. Takom wike woansdei is der wer in ekskurzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)