Hynstedagen yn Driezum-Wâlterswâld wer fan start

24 jul 2015 - 13:26

De 26e edysje fan de hynstedagen yn Driezum-Wâlterswâld is freed tradysjegetrou útein set mei de maraton. Dit jier dogge der 140 oanspannings en ponny's mei oan de maraton dy't bestiet út alve moai fersierde hindernissen. It folsleine parkoers is sa'n 16 kilometer lang. Om healwei tsienen is de maraton begûn en de lêste dielnimmmer start oan de ein fan de middei.

Sneon stiet de Boeredei op it programma mei in merke, feekeuring, geitekeuring en folop muzyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)