Rydbewiis ynnaam nei ûngelok by tankstasjon Aldeholtwâlde

24 jul 2015 - 11:45

De plysje hat it rydbewiis ynnaam fan de 28-jierrige Ljouwerter, dy't tongersdeitejûn ynried op it tankstasjon lâns de A32 by Aldeholtwâlde. Der is ek in bloedproef ôfnaam om't de plysje tinkt dat de man mei drank of drugs op achter it stjoer siet. De Ljouwerter makke in ferwarde yndruk.

By it ûngelok rekke de Ljouwerter ferskate pompen en botste tsjin de auto fan in 34-jierrige stedsgenoat. De 28-jierrige Ljouwerter rekke licht ferwûne en is nei it sikehûs brocht. Dêr is ek de bloedproef ôfnaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)