Plysje grypt yn by fjochtpartij yn Langwar

24 jul 2015 - 10:16

Plysjes en befeiligers moasten tongersdeitejûn yngripe yn Langwar. Twa groepen jongeren sochten yn it sintrum de konfrontaasje mei elkoar op. Troch it rappe yngripen binne de groepen út elkoar helle en kearde de rêst yn it wettersportdoarp gau werom. Der binne gjin minsken oanhâlden.

It wie tongersdei drok yn Langwar fanwege it skûtsjesilen. Der wiene in soad partyboaten mei jongerein en de nedige drank oan board. De plysje hie mei ferskate skippers fan dizze boaten ôfspraken makke. Dêrtroch bleau it fierder rêstich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)