Boerestakings yn Frankryk ha ek gefolgen foar Friezen

23 jul 2015 - 20:51

Friezen yn Frankryk tinke ferskillend oer de boerestakings yn Frankryk. De boeren wolle mear jild foar harren produkten en om dat foarelkoar te krijen blokkearje se de sneldiken. Jaap Zuurbier wennet al jieren yn Frankryk, dêr't hy biologysk boer is. Hy kin him goed foarstelle dat de boeren de diken blokkearje. "Op dy wize kinne se in fûst meitsje."

Frachtweinsjauffeur Stien Bruinsma is net bliid mei de blokkaden. Se hat dêrtroch al oeren fertraging oprûn. Neffens Zuurbier kinne de aksjes fan de boeren noch wol dagen duorje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)