SKS: Twadde oerwinning foar Earnewâld

23 jul 2015 - 16:33

It skûtsje fan Earnewâld hat tongersdeitemiddei it SKS skûtsjesilen by Langwar wûn. It wie de twadde oerwinning foar Earnewâld dizze SKS. Op de Langwarder Wielen einige it skûtsje fan skipper Gerhard Pietserma foar Grou. Der wie in fûle striid om it tredde plak. Akkrum, Ljouwert, De Jouwer en Snits hawwe dy striid útfochten. Uteinlik waard Ljouwert tredde, foar De Jouwer, Snits, de Súdwesthoeke en Akkrum. It wie foar Ljouwert it bêste resultaat oant no ta.

Langwar einige op it thúswetter as lêste.

Troch in falske start wie de race op de Langwarder Wielen hast in healoere letter.

Sjoch foar in wiidweidich ferslach en in analyze fan de wedstriid nei it Skûtsjesjoernaal, alle dagen nei Hjoed. De folsleine útslach en it klassemint is te finen op simmerynfryslan.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)