Iepenbier grien yn nij part Skoatterwâld wurdt sober

23 jul 2015 - 14:44

Gjin djoere brêgen, mar ûnderhâldsfrije dammen yn de tredde faze fan de wenwyk Skoatterwâld op It Hearrenfean. It is ien fan de maatregels dêr't de gemeente oer neitinkt om te besunigjen op de kosten fan it ûnderhâld fan it iepenbier grien.

Wol is dúdlik dat de hege kwaliteit fan de earste faze yn de nijbouwyk net helle wurdt. It grien yn it lêste part fan de wyk wurdt sober en doelmjittich oanlein. De gemeente wrakselet al langer mei it djoere ûnderhâld fan it iepenbier grien.

It Hearrenfean hat de Antea Group opdracht jûn it behear en ûnderhâld fan de iepenbiere romte te ûndersykjen om te sjen hoe't it goedkeaper en duorsumer kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)