Fier: nij belied nedich om seksueel misbrûk foar te kommen

23 jul 2015 - 12:05

Der moat nij belied komme om de slachtoffers fan loverboys en seksueel misbrûk te helpen. Dat skriuwt de Ljouwerter opfang Fier, it ekspertize- en behannelsinstrum foar slachtoffers fan geweld. Oanlieding is de 'Valkenburgse zedenzaak', dêr't 29 manlju foar it rjocht stean foar misbrûk fan in 16-jierrich famke.

Tongersdei sil de rjochtbank foar it earst útspraak dwaan yn dit proses. Neffens Fier moat de oerheid mear dwaan om soksoarte misbrûksaken foar te kommen.

Der binne folle mear jonge slachtoffers fan seksueel geweld en loverboys, mar dy sifers binne nearne bekend. Fier wol dat dit sintraal byholden wurdt. Dêrnei moat dúdlik wurde hoefolle plysjeminsken der nedich binne om it probleem oan te pakken. Op dit stuit is de kapasiteit fan de plysje fierste leech, seit Fier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)