"Den Haach hat te min omtinken foar gefolgen lûd wynmûnen"

23 jul 2015 - 11:39

It Ryk hat net genôch omtinken foar de problemen fan lûdsoerlêst fan wynmûnen. Dat seit Albert Koers fan Fryslân foar de Wyn. Minister Schultz van Haegen fan ynfrastruktuer en miljeu hat in jier lyn in kennisplatfoarm Wynenerzjy oprjochte om te sjen hokker gefolgen it lûd fan wynmûnen hawwe kin.

De earste útkomsten litte sjen dat minsken dy't ticht by wynmûnen wenje sûnensklachten krije kinne, lykas stress en sliepproblemen. Mar der stiet ek dat de lûdsnoarmen net in soad ôfwike fan oare Europeeske lannen.

Mei dat lêste is Albert Koers it net iens.

Hy seit dat it rapport sjen lit dat minsken yndie lêst hawwe kinne fan it lûd fan wynmûnen, mar dat it Ryk de lûdsnoarmen dochs net oanpast.

Sjoch hjir foar it rapport.

Sjoch hjir foar brief fan de minister oan de Twadde Keamer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)