Gemeente De Fryske Marren docht ûndersyk nei beareklau

23 jul 2015 - 10:56

De gemeente De Fryske Marren wol der mei help fan ynwenners achterkomme hoefolle grutte beareklauwen der yn de gemeente groeie. Op plakken dêr't de kâns grut is dat minsken de plant oanreitsje, wurdt er fuortendaliks fuorthelle. Bygelyks by fyts- en kuierpaden del en op boartersplakken. As minsken de plant oanreitsje, kinne se brânwûnen oprinne.

Foar de bestriding fan de beareklau wurde meanmasines en in skiepskudde ynsetten. De gemeente ropt minsken op om de gemeente te beljen as se in grutte beareklau stean sjogge op in hinderlik plak.

Trefwurden: 
De Fryske Marren beareklau
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)