Unôfhinklik ûndersyk nei sluting kantoar ING

23 jul 2015 - 10:30

De sintrale ûndernimmingsried fan de ING lit in ûnôfhinklike saakkundige ûndersyk dwaan nei de sluting fan it kantoar yn Arnhem. It ûndersyk moat dúdlik meitsje oft it terjochte is dat de bank it kantoar yn Arnhem yn 2016 slute wol en de wurksumheden ferpleatst nei oare dielen yn it lân.

Der wurkje sa'n 650 minsken yn Arnhem. In part sil tenei yn it kantoar yn Ljouwert oan de slach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)