Autobekrasser De Jouwer jout fyftjin fernielings ta

23 jul 2015 - 10:03

De 17-jierrige jonge dy't woansdeitemoarn oanhâlden is foar it fernielen fan auto's op 'e Jouwer, hat tsjinoer de plysje fyftjin fernielings tajûn. It giet ûnder oaren om it bekrassen fan auto's. Ek bruts er bygelyks de rutewiskers ôf. Dit wykein die er dat by tsien auto's dy't parkeard stienen oan de Eeltjebaes en Boeijer op 'e Jouwer.

De jonge koe oanhâlden wurde omdat in bewakingskamera bylden fan him makke hie. Hy is yntusken wer frijlitten, mar moat him meikoarten ferantwurdzje foar de rjochter.

De plysje is noch dwaande mei it ûndersykjen fan oare fernielings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)