Opnij brân oan Stasjonstrjitte It Hearrenfean

23 jul 2015 - 07:18

De brânwacht fan It Hearrenfean hat woansdeitemiddei opnij in brân bestride moatten oan de Stasjonstrjitte. Se krigen in melding dat der reek kaam fan it dak fan it wenhûs dat op 19 juny lêstlyn ôfbaarnd is. Op it momint fan de melding wienen der slopers yn it hûs oanwêzich, dy't neat yn de gaten hienen. Nei wat brekwurk wie de brân al flot blust. Oer de oarsaak is noch neat bekend.

Trefwurden: 
brân It Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)