30ste Fryske Ballonfeesten De Jouwer offisjeel iepene

22 jul 2015 - 22:46

Op De Jouwer is woansdeitejûn de 30ste edysje fan de Fryske Ballonfeesten úteinset. Fanwege it 30-jierrich jubileum joech de band Motel Westcoast by de offisjele iepening in konsert mei sjonger Syb van der Ploeg. En fansels giene der wer in tal spesjal shape ballonnen de loft yn, lykas in mof út Sweden, in Matrouska út Dútslân en in piranja út Brazilië. De Fryske Ballonfeesten duorje noch oant en mei snein en lûke jierliks sa'n 20.000 besikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)