Histoaryske turfstekmasine De Deelen hast ferlern

22 jul 2015 - 22:22

De histoaryske turfstekmasine yn natoergebied De Deelen stiet op it punt fan omfallen. De grutte baggelmasine is hielendal ferrustke. Oant 1960 waard de baggelmasine brûkt doet De Deelen noch gjin natoergebiet wie. De masine waard eartiids brûkt om turf nei boppe te heljen. Protte minsken witte net fan it bestean fan de masine ôf, om't er net goed te sjen is fan it fytspaad ôf. Neffens boskwachter Roel Vriesema is de baggelmasine unyk en de iennige dy't der noch is.

Trefwurden: 
turf masine turfstekmasine
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)