SC Hearrenfean-spiler Doke Schmidt spilet foarearst net

22 jul 2015 - 17:55

Sportklup Hearrenfean moat it foarearst dwaan sûnder ferdigener Doke Schmidt. De fuotballer hat ûnder it mes west en is de kommende tiid út de rûlaasje, meldt de klup. Schmidt hie al in skoft lêst fan syn ankel.

By in operaasje is wat weefsel fuorthelle. Hoe lang syn herstel duorret is noch net bekind.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)