FrieslandCampina nimt mozzarellamakker Fabrelac oer

22 jul 2015 - 12:15

Suvelprodusint FrieslandCampina hat de Belgyske mozzarellamakker Fabrelac oernaam. Neffens FrieslandCampina groeit de ferkeap fan mozzarella sterk. It Fryske bedriuw makket sels gjin mozzarella.

Fabrelac is in famyljebedriuw mei 30 meiwurkers en hat in produksjekapasiteit fan 30 miljoen kilo mozzarella yn it jier. De mozzarella wurdt ûnder oare brûkt foar pizza's en yn salades. Der is net bekend makke hoefolle FrieslandCampina foar it bedriuw betelle hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)