Man (22) út Frjentsjer fêst foar mishanneling

22 jul 2015 - 10:54

De plysje yn Ljouwert hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei in 22-jierrige man út Frjentsjer oanhâlden foar mishanneling. De man hie twa besikers fan in kafee oan it Ruterskertier yn Ljouwert mishannele.

Op kamerabylden is te sjen hoe't de Frjentsjerter in 30-jierrich slachtoffer út Ljouwert mei de fûst yn it gesicht slacht. Dêrnei jout er in twadde man in kopstjit. De fertochte sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)