Omstanners pakke drankdief yn Ljouwert

22 jul 2015 - 10:17

Omstanners hawwe tiisdeitemiddei in 27-jierrige Ljouwerter oanhâlden dy't besocht om tegearre mei in oare man drank út in boat te stellen. De boat lei oan de Willemskade yn Ljouwert. Doe't de manlju yn de gaten krigen dat se trapearre wiene, naaiden se út. Omstanners krigen ien fan de drankdieven te pakken en droegen de man oer oan de plysje.

De Ljouwerter is in bekende fan de plysje en sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)