Fytsmuseum Haulerwyk komt net werom

21 jul 2015 - 16:55

It Fytsmuseum yn Haulerwyk komt net wer werom. In pear wiken lyn bruts der brân út yn de njonkenlizzende keukenstudio. It museum rûn dêrtroch reek- en wetterskea op. Anne Maris, de 70-jierrige eigener fan de histoaryske fytsen wie al fan doel om binnen in pear jier op te hâlden, mar dat is no dus earder wurden.

Mei pine yn it hert, sa seit Maris. De fytsen hat er op Marktplaats set. Hy hopet sels dat der in keaper komt dy't alle fytsen oernimme wol. Dan kin de samling yntakt bliuwe.

Trefwurden: 
Haulerwyk Fytsmuseum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)