FNV nei rjochter om ûnderbeteljen bûtenlânske boufakkers

21 jul 2015 - 08:43

Fakbûn FNV stapt tiisdei nei de rjochter fanwege it ûnderbeteljen fan bûtenlânske boufakkers, dy't wurkje oan de Sintrale As en it akwadukt yn de Drachtsterwei by Ljouwert. De FNV spant in koart pleit oan tsjin útstjoerburo Aelbers. Neffens it fakbûn hâldt dy him net oan de CAO en hâlde se lean yn foar húsfestings- en ferfierskosten, wylst it bedriuw dy sels betelje moat.

FNV seit dat in koart pleit needsaaklik is om't Aelbers en opdrachtjouwers lykas de provinsje, de gemeente Ljouwert en de oannimmer neat dogge. Op 1 oktober is de útspraak.

Helga Tienkamp fan FNV seit dat it fakbûn earst besocht hat om der op in oare wize mei útstjoerburo Aelbers út te kommen, mar dat is net slagge. Ek petearen mei de Provinsje Fryslân ha neat opsmiten, sa seit se. Fakbûn FNV hat dêrom in koart pleit oanspand tsjin it útstjoerburo. Tiisdeitemoarn wie de earste sitting yn Zutphen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)