"Keatsregels feroarje kin allinnich fia ferienings"

21 jul 2015 - 08:19

In boaiemproseduere is net de goede wize om de regleminten foar de keatssport te feroarjen. Dat seit foarsitter Wigle Sinnema fan it keatsbûn KNKB. Hy seit dat as reaksje op de proseduere dy't it partoer Wierd Baarda, Willem Heeringa en Douwe Annema oanspant tsjin it keatsbûn. It trio is it net iens mei hoe't de regels binnen it keatsbûn op dit stuit hantearre wurde.

Neffens Sinnema kinne de regleminten allinnich feroare wurde fia de keatsferienings. Dy meie ynsprekke by bestjoersfergaderingen. In proseduere neamt Sinnema in te swier middel

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)