Fergees parkearje net oeral mooglik

20 jul 2015 - 21:41

Fergees parkearje yn de binnenstêd is net oeral yn de provinsje mooglik. De gemeente Ljouwert seit bygelyks dat der parkearjild frege wurde moat om de parkeargaraazjes betelje te kinnen. Mar fergees parkearje is wol goed foar de winkelju. Dat sjogge se yn in doarp lykas Wolvegea, dêr't net betelle wurdt foar it parkearjen.

Wethâlder Frans Kloosterman fan de gemeente Weststellingwerf seit dat harren parkearbelied in soad Friezen fan bûten de gemeente nei Wolvegea lûkt.

De gemeente Súdwest-Fryslân meldt dat betelle parkearjen krekt goed is foar de trochstreaming yn in stêd as Snits. Oars bliuwe tefolle auto's te lang op ien plak stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)