"Us Mem moat nij plak krije foar it Ljouwerter stasjon oer"

20 jul 2015 - 17:02

De redaksje fan it bûsboekje fynt dat it byld fan de ko 'Us Mem' in better plak ferstjinnet yn Ljouwert. Bygelyks foar it stasjon oer. Besikers fan de Kulturele Haadstêd 2018 soene dan op 'e foto kinne mei de ko.

It stânbyld fan de Fryske ko is yn 1954 troch de feehannelers fan 'e Ljouwerter feemerk skonken oan it Fries Rundvee Stamboek. Us Mem stie eartiids oan it Suderplein, mar stiet no op rotonde fan de Harnzersingel.

De 41ste útjefte fan it bûsboekje hat takom jier as tema 'suvel'. Yn dizze edysje is der dêrom omtinken foar 'Us Mem'.

Trefwurden: 
Ljouwert Us mem bûsboekje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)