Lemster skûtsje wint silerij op 'e Feanhoop

20 jul 2015 - 16:17

It skûtsje fan De Lemmer hat moandeitemiddei de twadde wedstryd fan it SKS skûtsjesilen wûn. Skipper Albert Visser en syn bemanning kamen krekt nei fjouweren as earste oer de finish op De Feanhoop. Twadde waard De Súdwesthoeke en Langwar kaam as tredde oer de finish.

De earste wedstryd ôfrûne sneon waard wûn troch Grou.

Sjoch hjir foar de útslaggen en it klassemint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)