Loftmacht oefenet mei grutste fleantastel op fleanbasis

20 jul 2015 - 15:46

De loftmacht docht moandei start-en lâningsoefeningen op de fleanbasis yn Ljouwert mei it grutste fleantúch dat se hawwe, de KDC-10. De ferskate lâningsbanen wurde ferkend en der wurde saneamde trochstarts oefene: de lâning wurdt ôfbrutsen en de piloaten jouwe wer gas. Dêrby kin ek reek frijkomme. It waar is goed, mar it doel fan de oefenings is dat de piloaten ek ûnder mindere omstannichheden de lâningsbanen fine kinne.

De KDC-10 kin fracht en personiel oer grutte ôfstannen ferfiere en ek tsjinst dwaan as fleanend tankstasjon.

By Jelsum en Koarnjum steane tsientallen fleantúchspotters dy't de tastellen graach sjen wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)