Grutte asbestfynst: wurk wenningen giet yn boufak troch

20 jul 2015 - 15:16

Yn de Hoedemakerspolder yn Dokkum wurdt ek yn de boufak trochwurke omdat der mear asbest oantroffen is as ferwachte. De planning komt troch de grutte asbestfynst net yn gefaar, neffens projektlieder Hendrik van der Veen fan wenningkorporaasje Thús Wonen.

Yn de Dokkumer wyk wurde 38 wenten sloopt en komme 35 nije wenningen. Dy moatte yn it earste fearnsjier fan 2016 oplevere wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)