Opnij folle mear guozzen teld yn Fryslân

20 jul 2015 - 12:55

It liket der op dat der dit jier op 'e nij wer folle mear guozzen teld binne yn Fryslân. Ofrûne sneon is wer de ferplichte jierlikse simmertelling hâlden yn alle 28 wyldbehearsienheden. Yn Skarsterlân binne ferline jier de measte guozzen teld. Dit jier is it tal guozzen dêr tanaam mei sawat 25 persint. Ek yn oare gebieten is sprake fan in grutte taname.

De telling is dien troch frijwilligers en de resultaten moatte dizze wike ynlevere wurde. De measte guozzen wurde teld yn natuergebieten en net op it boerelân.

Trefwurden: 
guozzen telling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)