Rôze lintsjes foar boarstkankersoarch yn Fryske sikehûzen

20 jul 2015 - 12:17

It Antonius sikehûs yn Snits, it MCL yn Ljouwert en De Tjongerskâns op It Hearrenfean hawwe it lanlike rôze lintsje foar boarstkankersoarch krigen. It lintsje is yn it libben roppen troch de BVN, de borstkankervereniging Nederland. Dy jout it karmerk út om pasjinten der op te wizen dat in sikehûs oan de strangste easken foldocht as it giet om boarstkankersoarch.

It Antonius, De Tjongerskâns en it MCL binne bliid mei de erkenning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)