"Noch gjin sulveren kûgel tsjin mûzepleach fûn"

20 jul 2015 - 11:50

De bêste metoade om mûzen op boerelân te bestriden is noch net ûntdutsen. Sûnt de mûzepleach fan ferline jier ûndersykje provinsje, wetterskip en boere-organisaasje LTO hoe't foarkaam wurde kin dat boeren opnij in soad skea oprinne. Neffens deputearre Johannes Kramer is 'de sulveren kûgel' noch net fûn.

It aksjekomitee fan troffen boeren warskôget foar in twadde mûzepleach yn Fryslân. Der binne meldings yn de bouhoeke, en no ek út Boazum, Hartwert, Turns, Easterein, Koudum en Himmelum. It lân is te droech en dêrtroch komme de mûzen werom.

It wetterskip Fryslân hat noch gjin problemen ûnderfûn mei diken en kaden. Nei de foarige mûzepleach hie 350 kilometer oan diken skea fan de mûzen. Mar de diken binne goed hersteld en op dit stuit is der gjin skea, sa meldt in wurdfierder fan it wetterskip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)