Kollum: "Ik gean net frjemd, ik gean nei De Feanhoop"

20 jul 2015 - 09:54

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op moandei de radiokollum fan Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân). Nynke is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach.

"Ofrûne wykein wie ik by Welcome to the Village, it muzykfestival yn de Griene Stjer yn Ljouwert. Foar de alderearste kear, moat ik der by sizze. Want lykas dit jier foelen ek de foargeande edysjes tagelyk mei it Feanhoop Festival. En dat wie oant no ta myn fêste prik alle simmers.

Ik wie 16 jier doe’t ik foar it earst it kempingterrein fan it Feanhoop Festival opstapte. Mei in boatsje wiene wy dy jûns it wetter fan it Grytmansrak oerstutsen. Op in pear kreaze skuon kuieren wy lâns de boaten dy’t oan de wetterkant leine. Stik foar stik wiene se fersierd mei grutte bankstellen, noch gruttere lûdsboksen en meters hege kratten bier. En dêr boppe-op dy boaten sieten kloften minsken. Fan jong oant âld, it makke neat út.

Sjoch, dat is it geheim fan De Feanhoop, elkenien kin him hjir fermeitsje. Is it smoarhjit dan wurdt der foar de bern in sjippebaan fan kuilplestik makke. Mar ek oan de âlderen wurdt tocht. Senioaren dy’t yn de sneinske klean neat fermoedend kreas oer it skulpepaadsje lâns de manshege boaten fytse, krije fergees in ferkuoljend ammerke mei wetter oer de holle. Hiel wat permanintsjes binne der sneuvele troch sa’n ûnferwachts buike. Mar alles mei respekt, want dyselde beppe’s krije fan dy stoere boatejonges in handoek oanbean en fansels in bierke om wat fan de skrik te bekommen. Leaver in advokaatsje? Ek gjin probleem, beppe.

Droech by De Feanhoop weikomme is sawiesa ûnmooglik. Yn de tinte wurdt nammentlik folop mei bier smiten. Benammen puberjende steltsjes dy’t yn in hoekje fan de tinte stikem mei inoar stean te flybjen, krije der flink fan lâns. In treedsje kâld bier makket rap in ein oan al dy snipperaasjes. En hast de klean oan de ein fan de jûn noch knap droech holden, dan komt de grutste útdaging. Mei in rubberboatsje de oertocht werom nei de oare kant fan it Grytmansrak. En net mei syn fjouweren, sa’t yn de feilichheidsfoarskriften stiet. Nee, as it in bytsje kin mei 14 tagelyk yn sa’n boatsje. Yn al dy jierren ha der hiel wat Titanic-achtige skipbreuken west dêr tusken it campingterrein en hotel Ie-Sicht.

Mar it aldermoaiste fan De Feanhoop is noch wol it toutsjespringen. Mei âlde oaninoar knope t-shirts wurdt der in lang springtou makke. Twa sterke keardels swaaie it ding noch gjin meter heech oer de grûn en dan is it de keunst om dêr yn te springen. It leafst mei it bier noch yn de hân en de fiters fan de kisten los. Of op klompen fansels, dat mei ek. Wolst op bleate fuotten, ek prima. Tink dan allinnich wol in bytsje om dyn dronken toutsjespringende buorman, dy’t mei syn Skerjontsjes springt as wie er in wylde hokkeling dy’t nei in lange winter foar it earst wer it lân yn mei.

Hearst it wol Jacob: ik ha De Feanhoop in bytsje mist dit jier. Welcome to the Village wie werklik wier prachtich, in oanrieder. Mar dochs miste ik dy soere skrale bierlucht yn de feesttinte, it lûd fan it springtou op de houten tinteflier en dy muffige biersketen nei trije dagen feest. Kinst it dy hast net foarstelle ast der noch noait west hast, dat snap ik. Mar ik wit ien ding: ik gean net wer frjemd. Ik gean takom jier gewoan wer nei De Feanhoop."

Noflike moandei!

Folgje Nynke van der Zee op har webside www.nynketxt.nl. Tiisdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Willem Schoorstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)