Jannick de Jong foar tredde kear Europeesk kampioen

18 jul 2015 - 22:50

Jannick is sneon yn Staphorst foar de tredde kear op rige Europeesk kampioen gersbaan wurden. De Gordykster pleatste him maklik foar de A-finale troch trije fan de fjouwer searjes te winnen en ien kear in twadde plak te heljen. Yn de finale pakte hy de kopstart en dy posysje soe hy net mear ôfstean. De Brit James Shanes waard twadde, Stephan Katt fan Dútslân waard tredde. Henry van der Steen fan Aldebiltsyl waard achtste yn de einstân.

Trefwurden: 
gersbaan Jannick de Jong
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)