Trije ferwûnen by stekpartij yn Drachten

18 jul 2015 - 22:39

De plysje hat yn Drachten sneontejûn trije fertochten oanholden nei oanlieding fan in stekynsidint dat plakfûn op de Bergleane. Twa fan de fertochten binne oanholden en mei ferwûnings nei it sikehûs brocht. In tredde fertochte is oanholden om't er plysjes hindere by har wurk.

Ek rekke noch in tredde persoan ferwûne. Hy is mei ferwûnings nei it sikehûs brocht, mar is gjin fertochte yn de saak. De plysje is dwaande mei in grut ûndersyk nei de stekpartij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)