Lûdsoerlêst op ferskate plakken yn Ljouwert

18 jul 2015 - 14:41

De plysje yn Ljouwert hat yn de nacht fan freed op sneon op ferskate plakken yngrepen om't der sprake wie fan lûdsoerlêst. Om middernacht hinne is in groep jongerein fuortstjoerd út it Abbingepark. Ien fan de jongeren krige in boete om't hy mei in iepen flesse wodka siet.

Op de Hoornbloem is in groep bierdrinkende minsken fuortstjoerd. De groep moast it bier fuortsmite. Oan de Oenemastate moast de plysje in wenning iepenbrekke om't it alarm ôfgie. De bewenner wie net thús.

Trefwurden: 
Ljouwert lûdsoerlêst
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)